Wurdearring foar belestingtelefoan Súdwest-Fryslân

21 jul 2017 - 15:17
Telefoan - Foto: ANP

Ynwenners en ûndernimmers witte de belestingtelefoan yn Súdwest-Fryslân hieltiten better te finen. En se binne ek mear tefreden oer de ôfhanneling, seit de gemeente. Der kamen dit jier mear telefoantsjes binnen as it jier derfoar en it tal beswierskriften rûn mei hast de helte werom.

Dat it sa goed giet, komt omdat de gemeente in soad docht oan de 'ynformele beswierfaze'. As ynwenners of ûndernimmers it net iens binne mei de oanslach foar ûnreplikgoedbelesting (ûgb), kinne se de saak faak mei ien telefoantsje nei de gemeente oplosse. Dan is it net mear nedich om beswier te meitsjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)