Súdeast-Fryslân ek weryndiele

29 maaie 2012 - 20:06

De gemeenten Opsterlân, West -en Eaststellingwerf moatte weryndiele en net selsstannich bliuwe. No't de gemeenten dat sels net wolle, moat de provinsje it dêrby foartou nimme. Dat seit waarnimmend boargemaster Gerrit Jan Polderman fan de gemeente Smellingerlân.

Yn alle hoeken fan Fryslân wurde tariedings troffen foar weryndieling, behalve yn Súdeast-Fryslân. Bliuwt alles no by it âlde, dan sil de diskusje oer weryndieling oer fiif jier wer los gean. Dêrom moat de provinsje it no goed oanpakke.

De sintrumposysje fan Drachten moat troch de weryndieling yn Súdeast-Fryslân fersterke wurde, aldus Polderman.

(Advertinsje)
(Advertinsje)