Fier en Radius fierder as Elan Onderwijsgroep

21 jul 2017 - 14:54
Foto: ANP

De twa ûnderwiiskoepels Fier en Radius geane nei harren fúzje fierder ûnder de namme Elan Onderwijsgroep. De nije namme symbolisearret de besieling en oandacht wêrmei't juffen en masters de learlingen begeliede en ek it entûsjasme en it learsume fan de bern sels, seit de nije fúzje-organisaasje.

Fier en Radius biede iepenbier en algemien bysûnder basisûnderwiis yn Menameradiel, It Bilt, Ferwerderadiel, Ljouwerteradiel en Frjentsjerteradiel. De fúzje krijt sa't it no liket fan 't hjerst syn beslach.

(Advertinsje)
(Advertinsje)