Bauke Mollema op Twitter: Bin ik in Fries of in Grinslanner?

21 jul 2017 - 14:04
Bauke Mollema gie solo oer de einstreek yn Donostia/San Sebastián - Foto: ANP

Is hurdfytser Bauke Mollema in Fries of in Grinslanner? Dy fraach is al jierren ûnderwerp fan diskusje. De fytskampioen mingt himsels no ek op ludike wize yn it debat, nei ôfrin fan de opskuor fan de ôfrûne dagen.

Grutte Pier

Tongersdei die út ûndersyk fan Tresoar bliken dat al Mollema's foarâlden Frysk binne en dat er sels fiere famylje is fan Grutte Pier. Hy is lykwols hikke en tein yn Grinslân. It ûndersyk smiet in soad reaksjes op yn Fryslân en Grinslân. Bauke syn pake, Willem Bangma, skreau woansdei yn in ynstjoerd stik yn it Friesch Dagblad ek al dat Bauke Frysk is.

Twitter poll

Sels docht Bauke Mollema freed ek mei oan de diskusje. Hy skriuwt mei in knypeach op Twitter: "Het houdt de gemoederen kennelijk nogal bezig. Ben ik nu een Groninger of een Fries!?" By syn tweet pleatste Mollema in poll, wêrby't minsken kieze kinne oft se him as Fries of as Grinslanner sjogge. Oant no fine fierwei de measte minsken dat Bauke in Grinslanner is, mar dat kin noch feroarje..

Trefwurden: 
Bauke Mollema hurdfytsen
(Advertinsje)
(Advertinsje)