Zoundri nije foarsitter Tûmba

29 maaie 2012 - 18:31
Logo Tumba

De 40-jierrige Naima Zoundri fan Harns is beneamd ta foarsitter fan Tumba, it Fryske sintrum foar gelike behaneling en wrâldboargerskip. Sy folget Barbara Klunder op, dy't ferhuze is nei Amsterdam. Naima Zoundri is maatskiplik wurkster yn Ljouwert.

It bestjoer en de meiwurkers fan Tûmba binne bliid mei de beneaming. Naima Zoundri is in moderne moslima. Se stiet midden yn de Fryske maatskippij en is al jierren tige belutsen by it wurk fan Tûmba.

Trefwurden: 
Tûmba Naima Zoundri
(Advertinsje)
(Advertinsje)