Fries op Kos wurdt kjel fan nachtlike ierdbeving

21 jul 2017 - 13:41

Flink skrokken is er. Jilles Postma fan Sint-Nyk. Hy sit yn Kos yn Grikelân, dêr't yn de nacht fan tongersdei op freed in swiere ierdbeving wie. Dêr kamen twa minsken by om en rekken goed 120 ferwûne. Postma lei op bêd, maar hie gau troch dat der wat flink mis wie. Doe't er fan bêd wie, lei er troch de trillingen ek samar op de grûn.

"It wie hiel ûnwerklik, omdat wy it noait earder meimakke hawwe", fertelde Jilles yn it radioprogramma No yn Fryslân. "Probearrest sa gau mooglik op dyn fuotten te stean en út it hotel te draven. Mar sa no en dan moast dochs efkes in kastje of doarpost fêstpakke om oerein te bliuwen."

Mei syn freondinne hat er de rest fan de nacht op strjitte trochbrocht. Pas oan 'e ein fan 'e moarn waard it hotel wer frijjûn foar de gasten. Dat gie net sûnder problemen. Der wie oerenlang gjin elektrisiteit en der wie ek wetteroerlêst troch in sprongen wetterlieding of rioel. Lyts leed yn fergeliking mei de folle gruttere skea yn it sintrum fan de âlde stêd. Dêr wie mear skea oan huzen en oare gebouwen en foelen ek de measte ferwûnen. "Wy binne fuort nei de binnenstêd rûn om te sjen hoe't it der dêr byleit en dat wie yndied behoarlik beskeadige en ynstoart", fertelde Jilles.

Postma bliuwt gewoan op Kos en sil besykje om fierder it bêste fan syn fakânsje te meitsjen. "Wy prate der mei elkenien oer, mar ik tink dat wy ús fakânsje gewoan ôfmeitsje kinne." Neffens Nederlânske reisorganisaasjes binne der op dit stuit sa'n 2700 Nederlanners op Kos.

Trefwurden: 
ierdbeving Kos
(Advertinsje)
(Advertinsje)