Kwik fûn yn Snits, mar wat is it en hoe gefaarlik is it?

21 jul 2017 - 12:25

In wenhûs en in boarterstún yn Snits binne ûntromme omdat dêr kwik fûn is. In oantal bern hat de giftige stof meinaam út skoalle wei, dermei yn de boarterstún boarte en dêrnei it fleske meinaam nei hûs. Buertbewenners krigen freedtemoarn betiid in urginte brief fan de gemeente oer de maatregels dy't de gemeente nimt. Mar wat is kwik presys en hoe gefaarlik is it?

Wat is kwik?

Kwik is in sulverwyt metaal, dat ek bekend stiet as 'libjend sulver' omdat it floeiber is. It is it iennige metaal dat by keamertemperatuer noch floeiber is. Yn de skiekunde wurdt kwik oanjûn mei it symboal Hg.

Wêr wurdt it foar brûkt?

It metaal wurdt brûkt foar bygelyks termometers en barometers, mar ek foar tl-buizen. Foar de measte húshâldlike apparaten is it brûken fan kwik ferbean. It wurdt somtiden noch brûkt om goud mei te winnen, omdat kwik ien fan de iennige metalen is dy't mei goud reagearret. Eartiids waard kwik as genêsmiddel ynset by de behanneling fan de geslachtssykte syfilis en tsjin melaatsheid.

Wêrom is it gefaarlik?

Benammen it ynazemjen fan kwikdamp kin tige skealik wêze foar minsken. De damp is giftich en kin it senuwstelsel oantaaste. Sa kin der bliuwende harsenbeskeadiging ûntstean. Ek kinne minsken lêst krije fan de mûle, tosken en toskfleis.

Wat docht kwik op in skoalle?

Skoallen ha fleskes of potsjes kwik as ûnderdiel fan it lesmateriaal foar bygelyks de skiekunde lessen. Op dy wize komme bern mei it metaal yn de kunde. Om't kwik sa moai is om te sjen, mochten skoalbern eartiids it metaal sels yn de skiekundelessen op tafel ûndersykje. Yn ferbân mei de giftige damp is dat no net mear tastien.

Trefwurden: 
Kwik Snits boarterstún
(advertinsje)
(advertinsje)