Wa hat Jorn fermoarde?

29 maaie 2012 - 17:56
Moardspul bibleteken

De Fryske biblioteken organisearje nije wike it moardspul 'Wa hat Jorn fermoarde?' op ynternet. Lêzers kinne it ferhaal fia Facebook folgje, hints oplosse en sa besykje der achter te kommen wa't de moard begien hat.

It ferhaal is basearre op in triller dy't skreaun is troch Bart Kingma fan Ried. It giet oer de moard op Jorn, syn stoflik omskot wurdt fûn by de resten fan in kampfjoer op it strân. Fiif freonen fan him binne fertocht.

It moardspul wurdt organisearre yn it ramt fan de moanne fan it spannende boek, dy't elk jier yn juny hâlden wurdt. Woansdei kinne minsken op ynternet al yn de kunde komme mei de personaazjes fan it moardspul, nije wike begjint it dan echt.

Trefwurden: 
biblioteken Jorn moardspul
(Advertinsje)
(Advertinsje)