Spannend wykein foar Fryske orkesten yn Kerkrade

21 jul 2017 - 11:50

It kommende wykein, it tredde wykein fan it wrâldmuzykkonkoers yn Kerkrade, is it der op of der ûnder foar de ferskate Fryske dielnimmers. Yn de konserthal sille in oantal fanfares stride om de heechste eare. Yn de earste difyzje docht CMV Eendracht Maakt Macht út Aldegea in goai nei de earste priis. Yn de tredde difyzje binne der twa Fryske dielnimmers: op sneon De Bazuin fan Stynsgea; op snein Stêd Sleat fan Sleat.

Nei dit wykein is bekend hokker fanfare har foar fjouwer jier wrâldkampioen neame mei. De bêste papieren yn de earste difyzje hat op dit stuit fanfare Joost Wiersma fan Jistrum. Sy steane op dit stuit op it earste plak.

Yn de mars- en showwedstriden docht regearend kampioen drum- en showfanfare Jong Advendo fan Snits mei yn sawol de Marching Parade as de Show kategory.

Trefwurden: 
Kerkrade WMC
(Advertinsje)
(Advertinsje)