Beammekap Starum giet foarearst net troch

21 jul 2017 - 10:55

De njoggen beammen oan de Havenwei yn Starum wurde freed net kapt. Wethâlder Maarten Offinga hat dat freedtemoarn sein. Bewenners fan de Havenwei stiene freedtemoarn klear om de minsken fan de gemeente op te wachtsjen. Se woene de oankundige kap fan de eskdoarnen tsjinhâlde. Woansdei hiene se in brief krigen dêr't yn sein waard dat freed mei de kap begûn wurde soe.

De beammen moatte fuort om't de gemeente Súdwest-Fryslân de kontoeren fan it eardere ferdigeningswurk 'it Blokhús' werom bringe wol yn Starum, op de âlde fuotbalfjilden fan QVC. Dy kontoeren bestean út glês, beton en stiel. De fundearring fan dy kontoeren is lykwols net goed mooglik, omdat der beamwoartels yn de grûn sitte.

Wannear't de beammen no wol kapt wurde, is net bekend.

Trefwurden: 
Starum eskdoarn beammekap
(Advertinsje)
(Advertinsje)