Folle minder winst foar fytseprodusint Accell

Accell Group © Omrop Fryslân
Fytseprodusint Accell Group op It Hearrenfean hat yn de earste helte fan dit jier folle minder winst makke. It memmebedriuw fan ûnder oare Sparta, Batavus en Koga hie te krijen mei ekstra kosten foar de nije strategy en in belestingôffaller fan hast 4 miljoen euro yn Noard-Amearika. Accell wie sa'n 5 miljoen euro kwyt oan ûnder oare de ferbettering fan syn webwinkel om de online-ferkeapen te ferbetterjen. De fytseprodusint helle oer de earste seis moanne fan dit jier in nettowinst fan goed 26 miljoen euro. Dat is hast 23 persint minder as in jier earder. De omset gie in bytsje omheech, nei 634 miljoen.

De e-bikes bliuwe it goed dwaan. Ek fertsjinne Accell oan ûnderdielen foar elektryske fytsen. De ferkeap fan de gewoane fytsen wie minder as ferwachte. Benammen yn Nederlân en yn Amearika hat Accell te krijen mei ôffallende ferkeapen yn de fytsewinkels. De omset dêrfan gie yn Nederlân mei 10 persint nei ûnderen en yn de Feriene Steaten sels mei 22 persint.