Kollum: "Sûn fatsoen"

21 jul 2017 - 08:15

"In pear wiken lyn kaam ik by minsken dy’t ik net koe en noch noait earder sjoen hie. Dat ik fûstke mei de measten en sei wa’t ik wie. Mar doe kaam der immen nei my ta en foar’t ik it witst hie dy persoan beide earms om my hinne slein en krige ik ek noch samar fergees in pear klaptuten derby. ‘Okee,’… tink ik dan. Efkes slikke en wer trochgean.

It ôfrûne wykein moast ik earne wachtsje en dêr wie in groep freonen, of famylje, dy’t ôfskied fan elkoar namen. Ta myn fernuvering fûstken se allinnich mar mei mei elkoar. Gjin ynlike omearming of tuten mar gewoan elkoar in hân jaan. Dat fûn ik moai om te sjen, want it ôfskied wie der net minder hertlik om en it seach der ek hielendal net ôfstânlik út. Koest oan alles wol sjen dat dy minsken wiis mei elkoar wiene.

De moraal fan dit ferhaal is, dat ik der in hekel oan ha as immen samar op my omtútet mar it bart hieltyd faker. Ik fûn it altyd mear in ding foar bûten ús provinsje, mar se begjinne hjir ek hieltyd faker mei dat oerdwylske kliemske gedoch. Want dat is hertlik en sosjaal dus ik tink dat myn sosjaal winslik gedrach dan in meagere 6 krijt. Ik tútsje net mei Jan en alleman en as immen de jierdei fiert, lokwinskje ik ek net de hiele famylje ynklusyf de buorlju. Net omdat ik soks net doar, mar omdat ik it net nedich fyn.

Ik krûp graach mei myn man, bern of bisten mar dus leaver net mei frjemden, wylst ik hieltyd faker it idee krij dat it al fan je ferwachte wurd. Ik sjoch mysels net as ôfstânlik mar ik hâld der gewoan net fan, foaral net as je gjin kar hawwe. En it is ek bêst wol dreech om immen fuort te triuwen dy’t dy hiel hertlik begroetsje wol. It oerfalt my eins altyd. Dan nim ik my foar om it oare kear oars te dwaan mar dat slagget oant no ta net.

Hie ik ús hûn Timmy west dan hie ik letterlik fan my ôfbiten. En as’t dan wist hoe’t wy thús altyd mei dy hûn krûpe! It is sa’n skât. Mar dat bin ik ek, echt wier! Ik mien it altyd goed en ha it bêste mei eltsenien foar, allinnich KRIJ MY NET SAMAR BY DE BEALCH BEET! It wurdt je betiden sa oplein om soks goed te finen of it ek te dwaan mar hoe sosjaal en fatsoenlik is dat eins?

It is wichtich dat der noarmen en wearden binne yn in maatskippij. Tank sizze as je eat krije, witte hoe’t je je yn bepaalde sitewaasjes gedrage moatte dus ja, fatsoen is goed. Dêr ha ik it alris earder oer hân. Mar sa as der oer sûn ferstân praten wurdt, soene je eins ek wol oer sûn fatsoen prate kinne. It is allinnich wol dreech om te bepalen wat dat is. Dêr binne gjin spulregels foar en meastal moatte je sitewaasjes mar oanfiele.

Sa wie it wierskynlik hiel goed bedoeld dat dy frou my om ‘e nekke fleach, mar se hat der net ien tel by stilstien oft ik dat wol leuk fûn. Hie ik har fuorttreaun en sein dat ik soks leaver net wol, dan hie sy dêr miskien wol wer ûnseker fan wurden. Ik ha de oplossing ek net ien, twa, trije mar ik wol ek net slaan of snije, fandêr dizze kollum. Miskien helpt it.

Ik bin gewoan in âlderwetske stugge Fries en dy moatte je moai yn har wearde litte. Miskien is it wol in útstjerrend ras."

Trefwurden: 
De Toan fan Hilda Talsma
(Advertinsje)
(Advertinsje)