Bern boartsje mei kwik yn Snitser boarterstún

21 jul 2017 - 06:31

Yn de boarterstún oan de Kleasterstrjitte/Skoalstrjitte yn Snits hawwe woansdei in oantal bern boarte mei in fleske mei kwik. De gemeente Súdwest-Fryslân hat de buertbewenners freedtemoarn betiid mei in hûs-oan-hûs fersprate brief warskôge foar de risiko's. Neffens de gemeente hawwe de bern it kwik út it fleske rinne litten. De boarterstún is dêrom ôfset. De boarterstún wurdt freed skjinmakke troch in spesjalisearre bedriuw.

Plysje en GGD hawwe ien wenhûs ûntromje litten, omdat twa jonkjes it kwik meinaam hiene yn hûs. Ien fan dy jonkjes liet it fleske falle yn de sliepkeamer. It jonkje naam it fleske oanslutend wer mei nei de boarterstún. De gemeente advisearret no oare buertbewenners ek om nei te gean oft ien fan de bern ek kwik yn 'e hûs brocht hat troch de skuon en de klean fan de bern goed nei te sjen. As dêr sulveren kwikboltsjes op sitte, moatte de klean ôffierd wurde as gemysk ôffal.

Omdat kwikdampen yn 'e bûtenlucht gau ferdampe tinkt de gemeente dat de risiko's foar de sûnens fan de bern wol tafalle. Mar, as der bern binne mei sûnensklachten, dan is it ferstannich om dêr sa gau mooglik mei nei de dokter te gean. Neffens wethâlder Maarten Offinga soe ien fan de jonkjes it fleske mei kwik meinommen hawwe fan skoalle. De ynset fan de gemeente is om de boarterstún wer sa gau mooglik frij te jaan. "Maar het gaat om een giftige stof en om kinderen, dan neem je het zekere voor het onzekere", sa seit de wethâlder.

Trefwurden: 
Kwik boarterstún Snits
(advertinsje)
(advertinsje)