Present regelet frijwilligerswurk foar en mei flechtlingen

De Stichting Present Ljouwert kriget 5000 euro fan it Oranje Fonds. De stichting wol it jild brûke foar projekten mei flechtlingen. Frijwilligers wurdt frege om wat foar in oar te dwaan. Tagelyk wurdt frijwilligers frege om wat mei of foar flechtlingen te dwaan.
De stichting neamt himsels 'makeler yn frijwilligerswurk'. Se wolle in brêge slaan tusken minsken, dy't inoar helpe. Dan kin it gean putsjes by minsken thús of sosjale aktiviteiten.