Kâns op stevige buien mei mooglik tonger en hagel
It KNMI hat foar tongersdeitejûn koade giel ôfjûn foar Fryslân, Grinslân, Drinte en Oerisel. De ynwenners moatte neffens it KNMI rekken hâlde mei stevige tongerbuien, mei in soad rein en kâns op hagel. Der wurdt warskôge foar wetteroerlêst.