Alde brânwachtauto Balk as foodtruck sjoen op Vierdaagse

De foto sa't de brânwacht Balk dy toant
De brânwacht fan Balk kaam op Facebook in bysûndere foto tsjin fan in âlde brânwachtauto fan it korps. De Commer-tankautospuit waard yn de jierren '70 yn Balk brûkt en docht tsjinwurdich tsjinst as foodtruck. In fotograaf sette de wein op de foto by de fjouwerdaagse kuiertocht yn Nijmegen dy't dizze wike hâlden wurdt.
''Altijd leuk om te zien dat onze oude voertuigen nog steeds actief zijn'', skriuwt de brânwacht op harren Facebookside.