UPDATE: Gjin misdriuw yn it spul by deade yn Rengerspark

20 jul 2017 - 21:50
De plysje ûndersiket it plak oan de râne fan it Rengerspark dêr't de deade persoan fûn waard - Foto: Robert Jan Boonstra

De plysje hat tongersdeitejûn om healwei achten yn in sleat njonken it Rengerspark yn Ljouwert it lichem fan in âldere frou fûn. De plysje slút nei ûndersyk út dat it om in misdriuw giet.

Fuortendaliks nei de fynst fan it stoflik omskot waard de omjouwing fan it fynplak ôfset mei linten en skermen. De plysje krige by it ûndersyk assistinsje fan de brânwacht.

Trefwurden: 
deade Rengerspark
(advertinsje)
(advertinsje)