Sâltstruier Jorritsma (80) hâldt nei 65 jier op

Yn Frjentsjert is tongersdeitemiddei in sâltstruier yn it sintsje set. Hans Jorritsma is no 80 jier. Hy hat 65 jier lang sâlt struid foar Frjentsjerteradiel. Omdat it betelle wurk is, siet in lintsje der net yn.
Dochs ferraste boargemaster Van Zuijlen Jorritsma mei in wiidweidich tankwurd mei presintsje yn it âlde riedshûs. Dêrby kaam ek oan 'e oarder dat Jorritsma noch op syn 80e jierdei útbetelle waard om sâlt te struien. Dat is no foarby, want Jorritsma giet mei pensjoen.