Stikeltried oer fytspaad spand, fytsklup docht oanjefte

Fytsklup WSVO yn Appelskea hat oanjefte dien fan sabotaazje fan de mountainbikerûte troch de bosken by Appelskea. Unbekenden hawwe stikeltried oer it paad spand. Neffens it bestjoer wurdt de sa'n tsien jier âlde rûte yn it Drents-Friese Wold wol faker saboteard, mar stikeltried is wol it djiptepunt. De fytsklup wol ek de nachtkamera's fan Steatsboskbehear ynsette om de dieders te trappearjen. Fierders sille de leden de mtb-paden better yn de gaten hâlde.
Neffens bestjoerslid Raymond Jansen fan de fytsklup giet der wolris wat mis tusken mountainbikers en kuierders, mar leare se harren eigen leden om de natuer en oare brûkers fan it bosk te respektearjen. Hy wiist der noch wol op dat it om in offisjele rûte giet dy't goed oanjûn is. Kuierders kinne dus witte dat se op in mountainbikepaad rinne.
''Hoewel wij als fietsvereniging onze leden op het hart drukken zich als gentleman te gedragen, zien wij ook niet-leden zich misdragen in het bos. In die gevallen spreken wij iedereen daarop aan. Onze 'tegenstanders' dienen zich te beseffen dat ze andere kanalen zouden moeten bewandelen, als ze de fietsers het bos uit willen hebben in plaats van geweld te gebruiken. We moeten er niet aan denken dat wanneer we zondag met de jeugd het bos in waren getrokken voor de training, dit onherstelbaar letsel had achtergelaten'', seit Jansen.