Moasjes Sionsberg fersmiten

De Sionsberg © Omrop Fryslân
De Twadde Keamer hat tiisdei de moasjes foar it behâld fan de ferloskundige soarch yn De Sionsberg net oannaam. De SP frege om behâld fan de ferloskundeklinyk sa't dy der no is. It kabinet soe de subsydzje dêrfoar yn stân hâlde moatte, mar dy moasje helle it net.
Sa gie it ek mei in moasje fan de PvdA, dêr't yn frege waard om in proefprojekt yn it Dokkumer sikehûs mei in nij bertesintrum. Op dy wize soe in part fan de bertesoarch behâlden bliuwe kinne foar de regio.