Brânwacht Eanjum siket nije kollega's

20 jul 2017 - 23:06
Foto: ANP

De brânwacht fan Eanjum hat ferlet fan fersterking. Minsken kinne harren sneon oer in wike melde yn de kazerne yn it doarp. Socht wurde minsken dy't yn de buert wenje. Se kinne yn de kazerne antwurden krije op fragen oer hoe't it is om by de frijwillige brânwacht te wurkjen. Dat binne fragen lykas: Wat moat ik dwaan om brânwachtman of -frou te wurden? Hoefolle tiid kostet it en wat binne de gefolgen foar myn wurkjouwer?

De ynformaasjegearkomste is dus op sneon 29 july, fan twa oant fjouwer oere middeis.

Trefwurden: 
brânwacht Eanjum
(Advertinsje)
(Advertinsje)