Súdwest-Fryslân set fol yn op bestriding reuzebeareklau

20 jul 2017 - 18:28

Mei in rom ferskaat oan proeven yn Snits liket de gemeente Súdwest-Fryslân in hiel ein te kommen mei it opromjen fan grutte konsintraasjes fan de grutte beareklau. It sop fan de plant is giftich en as der in soad byinoar stean, jout it oare planten gjin kâns mear om te groeien.

Takom moanne komt de beareklau op in Europeeske swarte list te stean. Soks moat oerheden oansette ta mear aksje. Súdwest-Fryslân hat dêr net op wachte. Sy hawwe al 125 lokaasjes fûn dêr't de plant stiet. Sy teste no in grut ferskaat oan maatregels út. Yn it Rasterhofpark skoffelje meiwurkers fan wurkfoarsjenning Empatec hiel geregeld de planten fuort en dat liket fertuten te dwaan. Ek fee dat de planten opfret, is in súksesfolle metoade.

In spesjalistyske eksoatbestrider út Kollum wurket mei siedend wetter. Dêrmei wurden blêden en woartels behannele yn de Swettebosk. Oan de ein fan dit jier wurdt alles tsjin it ljocht hâlden. Nei alle gedachten wurdt der dan keazen foar in kombinaasje fan ferskate wurkwizen om de grutte beareklau te bestriden.

Trefwurden: 
beareklau reuzebeareklau
(Advertinsje)
(Advertinsje)