Keamerfragen oer Vaatstra

29 maaie 2012 - 17:10
Foto: Foto ANP

Keamerlid Hero Brinkman slút net út dat dochs in âld-bewenner fan it AZC yn Kollum belutsen wie by de dea fan Marianne Vaatstra. Dat docht bliken út in rige fragen dy't er steld hat oan minister Opstelten fan Feilichheid en Justysje.

Brinkman reagearret op nij DNA-ûndersyk fan it Iepenbier Ministearje. Dêr dcoht út bliken dat de moardner fan Marianne wierskynlik in Europeeske man is en in bekende fan har. Neffens Brinkman kin it nije DNA-spoar likegoed liede nei manlju út Sintraal- of West-Azië.

Brinkman fynt dat it Iepenbier Ministearje dan ek in asylsiker dy't earder neamd waard as mooglike dieder, dochs noch opspoare moat om syn DNA te fergelykjen mei it nije spoar.

Trefwurden: 
Vaatstra Hero Brinkman
(Advertinsje)
(Advertinsje)