Feiten en fabels oer de hûnsdagen

20 jul 2017 - 16:39
Waarman Piet Paulusma - Foto: ANP Kippa

De hûnsdagen binne tongersdei begong mei in broeierige, drukkende waarme dei. De hûnsdagen duorje fan 20 july oant 20 augustus en fine harren oarsprong yn de Grykske en Romynske folkswaarkunde. Dizze dagen binne de waarmste dagen fan Europa. De namme is ûntstien omdat de hûnsstjer Sirius tagelyk mei de sinne opkomt.

Der binne yn de rin fan de jierren in soad fabels ûntstien rûn de hûnsdagen. Sa soe it iten earder bedjerre en soe it waar op de earste dei in foarboade wêze foar de rest fan de simmer. Dêr is lykwols neat fan wier seit waarman Piet Paulusma. "It waar kin yn de hûnsdagen-perioade noch bêst omslaan en iten kin ek bedjerre op in waarme dei yn maaie."

Trefwurden: 
Pyt Paulusma Hûnsdagen
(Advertinsje)
(Advertinsje)