Undersyk nei melkfeehâlderij mei each foar natuer

20 jul 2017 - 16:36
Foto: ANP

De trije noardlike provinsjes stekke mei-inoar goed in ton yn in ûndersyk nei hoe't jo de suvel fan boeren dy't buorkje mei each foar de natuer sa goed mooglik ferkeapje kinne.

Der komme ûnder oare ûndersiken nei de kwaliteit fan de molke en de fruchtberheid fan de boaiem en der wurde eksperiminten dien. It hiele projekt kostet goed twa ton en it rint oant en mei takom jier.

(Advertinsje)
(Advertinsje)