Projekt Boppeslach ferbetteret Frysk ûnderwiis

20 jul 2017 - 15:57
Foto: Omrop Fryslân

It ûnderwiisprojekt Boppeslach hat in positive bydrage levere oan de ûnderwiiskwaliteit fan de skoallen dy't der oan mei dien ha. Dat seit de Fryske Akademy, dy't ûndersyk dien hat nei de effekten fan it projekt. Yn 2006 wiene der relatyf in soad swakke en tige swakke skoallen yn Fryslân. Healwei ferline jier hearde Fryslân by de lanlike top trije mei it minste oantal swakke skoallen.

Fia it projekt Boppeslach krigen sawat 250 skoallen subsydzje fan de provinsje foar it ferbetterjen fan de ûnderwiiskwaliteit. Skoallen koene nije metoaden en materiaal oanskaffe of har personiel ekstra opliedingen jaan. De provinsje hat der dik 15 miljoen euro yn stutsen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)