Bauke Mollema blykt ôfstammeling fan Grutte Pier

20 jul 2017 - 15:38

Der komt lang om let in ein oan de diskusje oft Bauke Mollema in Fries of in Grinzer is. Ut ûndersyk fan Sytze Giezen fan Tresoar blykt dat alle foarâlden fan de hurdfytser fan Fryske komôf binne. Mollema blykt sels fiere famylje fan de Fryske frijheidsstrider Grutte Pier te wêzen. Dat liet Giezen witte yn it radioprogramma 'De middei fan Fryslân' fan Omrop Fryslân.

Bauke stamt oan syn mem har kant ôf fan Pier Gerlofs (Grutte Pier) Donia:

Neist dat Bauke fiere famylje fan Grutte Pier is, dielt hy neffens ûndersiker Giezen ek foarâlden mei kollumniste en fytser Nynke de Jong, reedrider Rintje Ritsma en Omrop-meiwurkers Dirk Baron en Femke de Walle.

Wim Bangma, pake fan Bauke, liet woansdei al yn it Friesch Dagblad witte dat alle foarâlden fan de fytser Friezen binne. Bangma makke dúdlik yn in ynstjoerd stik dat hy it 'net langer pikt' dat Bauke as Grinzer sjoen wurdt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)