Stichting Kindpakket krijt ton subsydzje fan provinsje

20 jul 2017 - 15:22
Foto: Omrop Fryslân

De stichting Kindpakket krijt hûnderttûzen euro subsydzje fan de provinsje. It jild is bedoeld om bern fan wa't de heit en mem it sels net betelje kinne sporte te litten of op muzykles te dwaan. Elke gemeente hat syn eigen wize om bern út earme gesinnen te helpen. Mar de stichting Kindpakket ûntwikkelet no ienselde wurkwize foar alle gemeenten.

Dêrmei kinne mear bern berikt wurde en dus meidwaan oan allerhande aktiviteiten. Kindpakket wurket dêrfoar net allinne gear mei de gemeenten, mar ek mei skoallen, ferienings, it Jeugdsportfûns, it Jeugdkultuerfûns, stifting Jarige Job en Stichting Leergeld.

(Advertinsje)
(Advertinsje)