Keunstwurk yn fytstunnel Overijsselselaan ûntbleate

De muorren, fan de fytstunnel dy't ûnder de Overijsselselaan yn Ljouwert trochrint, binne fersierd mei in keunstwurk fan fleurige keramyktegels. Tongersdei hat keunstner Maarten de Reus mei groep 3 fan OBS De Pionier it keunstwurk ûntbleate.
It is it fjirde keunstwurk fan in rige fan keunstwurken yn ferskate fytstunnels yn Ljouwert. De bylden binne ûnderdiel fan de werynrjochting fan Ljouwert fanwege De Heak, dat ûnderdiel is fan it programma Ljouwert Vrij-Baan. De keunstwurken moatte de relaasje tusken stêd en plattelân fersterkje.