Protest tsjin beammekap Starumer Havenwei

20 jul 2017 - 11:35
De bewenners fan de Havenwei wolle de beammen net kwyt

Bewenners fan de Havenwei yn Starum protestearje tsjin it kappen fan njoggen beammen foar harren hûs. De gemeente Súdwest-Fryslân wol de beammen der wei hawwe, om fierder te gean mei de bou fan it histoaryske Blokhûs op it âlde QVC-terrein. Woansdei hawwe de bewenners in brief krigen, dat de beammekap freed plakfine sil. De bewenners binne lulk, want se hiene nei eardere protesten krekt ôfpraat mei de gemeente dat de beammen stean bliuwe soene.

Foar de bewenners binne de santjin jier âlde eskdoarnen tige wichtich. Se stean der like lang as harren hûs. Se binne yntusken sa heech dat se soargje foar skaad tsjin de sinne. Fierders beskermje de beammen tsjin ynsjoch fan kuierders op de seedyk. De gemeente is fan doel om as ferfanging hazzenútbeammen te plantsjen. Mar dy wurde lang sa heech net, en boppedat duorret it wer jierren foardat de nije beammen in bytsje op hichte binne.

De gemeente Súdwest-Fryslân wol de beammen kappe om de kontoeren fan it eardere ferdigeningswurk 'it Blokhûs' werom te bringen yn Starum. Dy kontoeren besteane út glês, beton en stiel. It meitsjen fan in fûnemint fan dy kontoeren is no net goed mooglik, omdat de beamwoartels yn de grûn sitte. Dêrom moatte de beammen derwei.

Yn maaie is mei de bou fan it Blokhûs begûn. De bewenners fan de Havenwei en oare omwenners hawwe earder protestearre tsjin it plan, omdat se it bouwurk te grut fine en it te ticht op harren tún komt.

Trefwurden: 
beammekap Starum Havenwei
(Advertinsje)
(Advertinsje)