Haadredakteur Hans Snijder fuort by Ljouwerter Krante

Haadredakteur Hans Snijder giet fuort by de Ljouwerter Krante, sa meldt de krante sels. Snijder giet de kommende hjerst oan it wurk by it Prinses Máxima Centrum foar berne-onkology yn Utert. Snijder (54) wie sûnt 2009 haadredakteur fan de Leeuwarder Courant. Hy folge doe Rimmer Mulder op. Snijder wie earder haadredakteur fan Omrop Fryslân.
Yn syn nije funksje wurdt Snijder direksjelid fan it Prinses Máxima Centrum. Snijder sil him dêr dwaande hâlde mei in online fideo-platfoarm, e-learning foar dokters en ferpleechkundigen en it meitsjen fan dokumintêres oer bern dy't yn it sikehûs behannele wurde, mei as doel dêr ek fûnsen mei te werven.