Fertochte foar besjitten Bert Jonker oppakt yn Spanje

20 jul 2017 - 10:04

De Spaanske plysje hat woansdei op fersyk fan de plysje yn Fryslân de 57-jierrige Charles van der W. oanhâlden op fertinking fan poging ta moard op sakeman Bert Jonker (51) út Oranjewâld. De fertochte is oanhâlden yn de omkriten fan Barcelona. Bert Jonker, de direkteur fan yngenieursburo Clafis, waard op 7 jannewaris besketten op it parkearterrein fan Thialf. Jonker rekke dêrby ferwûne oan syn hân. It ûndersyksteam is yn ôfwachting fan syn útlevering, sadat de man yn Nederlân heard wurde kin en foarlaat wurde kin. 

Bert Jonker is troch de ûndersykslieder ynformearre oer de oanhâlding. Jonker hat bliid en ferromme reagearre op it nijs. Nei it sjitynsidint fertelde Jonker dat er de skutter koe. It soe gean om in man dêr't er in saaklik skeel mei hie. Jonker fertelde earder oan Omrop Fryslân dat de oanslach in grutte ympekt hân hat op him en syn húshâlding. Nei de oanslach hat Jonker in pear wike yn in 'safe house' wenne, foaral omdat de fertochte doe noch spoarleas wie. 

Trefwurden: 
Bert Jonker sjitynsidint
(advertinsje)
(advertinsje)