Wurkleazen mei legere oplieding fine wer makliker wurk

UWV © ANP
It tal wurkleazen yn Fryslân is de ôfrûne moanne fierder ôfnaam. Troch it oanhâldende ekonomyske werstel fine mear minsken in baan. Boppedat is der no mear seizoenwurk, ûnder oare yn de hoareka en de lânbou. Ein juny wiene der goed 15.400 Friezen mei in WW-útkearing. Dat is hast 7 % minder as de moanne derfoar. Yn fergeliking mei in jier earder, is der sels sprake fan in ôfname fan hast 16 persint.

Minsken mei in lege oplieding fine yn Fryslân faker wurk as minsken mei in middelbiere of hege oplieding. Se hawwe wol in gruttere kâns om werom te fallen yn de WW. Dat komt omdat se faker seizoenwurk dogge en oan it wurk gean as útstjoerkrêft. Beroppen yn de technyk, transport en logistyk biede de bêste kâns op wurk foar minsken mei in lege oplieding.