Kollum: "Unôfhinklik"

20 jul 2017 - 08:14

"Hy sloech noch krekt net syn hân foar de eagen. Ik siet mei twa freonen bûtendoar te wurkjen oan wat stikjes, en omdat der net betsjinne waard, pakte ik gau even in stikje krûdkoeke dat ik meinommen hie. Myn freon fûn dat hiel typysk, en hy sei: "Oh ja, een Fries in diaspora."

It duorre by my even foardat ik yn ‘e gaten hie wat hy dêr no krekt mei bedoelde. Diaspora is de fersprieding fan in folk oer de wrâld, lykas mei de Joaden en Sinezen bard is. Yn it gefal fan Friezen sprekke we fan Friezen om utens. Ik bin in Fries yn Amsterdam, en dat is yn de eagen fan myn freon diaspora.

Wat te iten meinimme. It gong him der foaral om dat ik blykber gedrach sjen liet dat typysk by Friezen heart. No sil dat fêst regelmjittich barre by my, mar it is altyd nijsgjirrich wannear’t immen je der op wiist. Want is dit no goed of ferkeard? Dat hy syn hân suver foar de holle sloech, wie net in goed teken.

Wêrom hie ik dy krûdkoeke by my, en ja, dat is dy mei de Fryske flagge der op. Ik gean ree fan hûs. Ik ha by ôfspraken bûtendoar moarns dat by my, omdat ik wit dat ik tusken alve oere en de lunsj ferrekte roppich wurde kin. En je witte mar nea wannear't je wer wat te iten krije kinne.

Fierder dêr oer neitinkend kaam ik der op dat dit yndied goed ynbakt sit yn myn systeem: ree fan hûs gean. Ik sjoch altyd moarns even wat foar waar oft it wurdt. Moat ik in jas of in trui mei, en wat foar skuon doch ik oan?

Ik check mei klam myn hillige trije-ienheid: telefoan, kaaien, portemonnee. Sûnder dat, kin ik de doar net út. Fleske wetter mei, wannear't der in lange autorit op it programma stiet. Want ik wol graach in bytsje troch ride.

En ik ha dus ek in auto. Hat hjir hast ek net ien fan myn freonen. Se hiere der wol ien, wannear’t se ien nedich ha. Fierder gean se mei de trein. Is my te passyf. Ik wol sels witte wannear’t ik fuortgean. En de trein giet my ek net hurd genôch. In bytsje selsstannigens, kontrôle en ûnôfhinklikheid. Net ferkeard.

Wat der ek wol efter sit, achter dy krûdkoeke: ik wol net tefolle jild útjaan oan dat soarte fan dingen. Want je kinne it wol kwyt tsjintwurdich, mei in kopke tee ûnderweis, in broadsje en noch wat lekkers… foardatst it witst bist tsien euro fierder. Ien kear is net sa slim, mar alle dagen, dat telt goed op. Is dat gjirrich?

Ik leau dat ik mysels net graach ôfhinklik meitsje fan oaren, en oaren net fan my. Mar eins wyt ik noch hieltyd net of dat no goed of ferkeard is. Want it betsjut ek dat ik nea ris in berop op in oar hoech te dwaan, en miskien ek minder kontakt mei oaren ha. Dat soe wat my oangiet best ris út Fryslân komme kinne, want wannear’t ik eartiids yn ‘e greiden oan it wurk wie, kaam der ek net ien del mei broadsjes, kofje en wat lekkers. En sa komt dy krûdkoeke dus altyd wer yn myn tas.

Soe dit no typysk Frysk wêze? Blykber ha we al dat imago.

In pear dagen letter spruts ik dy freon wer. Hy en syn húsgenoaten hiene in probleem. Hy wol earne oars wenje, en de húsgenoaten binne foar de hier einliks hielendal ôfhinklik fan him en syn ynkommen. Sjoch - dat soe in Fries no nea barre, tocht ik. Ik waard suver grutsk op de Friezen, harren selsstannigens, kontrôle en ûnôfhinklikheid. Oant ik my realisearre dat ien fan dy húsgenoaten ek in Fries om utens is."

Trefwurden: 
De Toan fan Botte Jellema
(Advertinsje)
(Advertinsje)