Lucas 29e op VVD-list

29 maaie 2012 - 16:20

De earste Fryske kandidaat op de konsept-kandidatelist fan de VVD stiet op it 29e plak. It is Anne Wil Lucas fan Bakkefean. By de foarige Twadde-Keamerferkiezings yn 2010 stie Lucas ek op dat plak. Dat wie doe genôch om de Keamer yn te gean. Njonken Anne Wil Lucas stiet Fries om utens Halbe Zijlstra op nûmer 7.

De top trije fan de partij bestiet út minister-president Mark Rutte, Edith Schippers en Stef Blok.

(Advertinsje)
(Advertinsje)