Keatsferiening Menaam ferpleatst Gouden Willem nei maaie

19 jul 2017 - 22:28

De leden fan de keatsferiening fan Menaam hawwe ynstimd mei it foarstel fan it bestjoer om de keatspartij de Gouden Willem fan augustus nei maaie te ferpleatsen. Fan de 32 oanwêzige leden stimden 30 foar.

As de KNKB it foarstel oernimt,wurdt de Gouden Willempartij takom jier ferkeatst yn it wykein fan 26 en 27 maaie. Dat wykein is frijkommen, omdat yn Doanjum fan takom jier ôf gjin haadklassepartij mear organisearre wurdt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)