Nard Brandsma wint fierljeppen yn Grypstsjerk

De ljepperij yn Grypstsjerk is woansdeitejûn yn de topklasse wûn troch Nard Brandsma mei in sprong fan 20.07 meter. Opfallend wie dat by de topklasse mar fjouwer fan de acht ljeppers oan de start stiene. Sytse Bokma waard twadde mei 19.09, en de tredde priis wie foar Thewis Hobma (18.80)
By de froulju gie de titel nei Marrit van der Wal. Sy ljepte 15.34 meter. Klaske Nauta (14.70) en Melanie Heins (14.58) makken it poadium kompleet.
Bêste junioar wie Jan Teade Nauta mei 18.91 meter. Dat wie presys like fier as Freark Kramer. Mar om't de twadde ôfstân fan Nauta krekt fierder wie (18.63 om 18.56) gie de winst nei him.
By de jonges wie Wietse Nauta de sterkste mei in ôfstân fan 17.92 meter. De winst by de famkes gie nei Sigrid Bokma. Sy sprong in ôfstân fan 14.68 meter.