Ineke van Gent foardroegen as nije boargemaster Skier

19 jul 2017 - 22:01

Ineke van Gent fan Grins is foardroegen as de nije boargemaster fan Skiermûntseach. De gemeenteried hat har foardracht woansdeitejûn unanym oernaam. Se is op dit stuit regiodirekteur by de Nederlânske Spoarwegen Noardeast en wie tusken 1998 en 2012 lid fan de Twadde Keamer foar GrienLinks.

De foardracht wurdt trochjûn oan de minister fan Binnenlânske Saken, dy't úteinlik beslút oer de beneaming. De gemeenteried fan Skiermûntseach hopet dat de nije boargemaster yn septimber ynstallearre wurde kin.

(advertinsje)
(advertinsje)