Pleats ôfbaarnd, jongfee koe net mear rêden wurde

19 jul 2017 - 21:53

De pleats by De Jouwer dêr't woansdei oan de ein fan de middei brân útbruts, is folslein ferlern gien. It wengedielte en de skuorre dy't dêroan fêst siet is nei in koarte, mar fûle brân hielendal útbaarnd. Dêrby kaam ek jongfee om it libben.

Twa stâlen dy't njonken en achter de pleats stiene, koene wol behâlden wurde. Dêr stie it measte fee yn en de branwacht hat der alles oan dien om it oerslaan fan de brân foar te kommen. Dat is, mei troch de hurde wyn, slagge. Hoe't de brân ûntstean koe is noch net dúdlik.

Trefwurden: 
brân pleats De Jouwer
(advertinsje)
(advertinsje)