Enno Kingma-en-dy winne keatspartij Minnertsgea

19 jul 2017 - 21:38

De frije formaasjepartij yn Minnertsgea is woansdei wûn troch it partoer fan Enno Kingma, Renze Hiemstra en Hans Wassenaar. Sy wûnen yn in spannende finale fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra mei alles oan de hang. It winnende partoer kaam mei 4-1 achter, mar wist de partij úteinlik dochs nei syn hân te setten.

By de froulju gie de winst nei it partoer fan Ilse Tuinenga, Wiljo Sijbrandij en Manon Scheepstra. Sy fersloegen yn de finale fan Anne Monfils, Nynke Sijbrandij en Marrit Zeinstra.

Der waard yn Minnertsgea ek keatst foar it goede doel. Per wedstriid wie der 200 euro beskikber en foar elke bûtenslach gie der 20 euro ôf. Uteinlik hat dat 1360 euro opsmiten foar de Stichting Stophersentumor.

Trefwurden: 
keatsen Minnertsgea
(Advertinsje)
(Advertinsje)