Fytser (15) swierferwûne by oanriding op Ljouwerterdyk

20 jul 2017 - 09:30

In famke fan 15 jier út Holwert is woansdeitejûn slim ferwûne rekke by in ûngelok op de Ljouwerterdyk. In 29-jierrige autobestjoerder út in doarp yn de gemeente It Bilt botste mei syn auto op it famke, dat op 'e fyts siet. It slachtoffer hie meardere swiere ferwûningen en is mei de traumahelikopter nei it UMCG yn Grins brocht.

De oarsaak fan it ûngelok is noch ûndúdlik. De automobilist en oare tsjûgen hawwe slachtofferhelp oanbean krigen. De autobestjoerder rekke net ferwûne. In berger hat syn auto mei oanhinger fuortsleept. De Ljouwerterdyk wie tydlik ôfsletten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)