Oerbliuwsels kleasterpleats binnen klearstermuorren fûn

By archeologyske opgravingen krekt bûten Himmelum is in bysûndere midsiuwske pleats oan it ljocht kaam. It giet om in pleats dy't ûnderdiel is fan it eardere kleaster.
Wat de fynst sa bysûnder makket, is dat it giet om in pleats dy't binnen de muorren fan it kleaster stiet. De measte kleasterpleatsen stiene bûten it kompleks sels. Op oare plakken yn Nederlân binne al earder pleatsen binnen kleastermuorren fûn, mar yn Fryslân is it foar it earst.
Neist de pleats binne der fiif wetterputten, it skelet fan in hynder, ierdewurk en tal fan oare saken fûn.