Skoaldirekteur Mullum nimt nei fjirtich jier ôfskied

20 jul 2017 - 06:45

Skoaldirekteur Dirk van der Wal nimt nei fjirtich jier ôfskied fan syn skoalle. Hy is no direkteur fan basisskoalle en bernesintrum Middelstein yn Mullum. Dy skoalle sa't dy no is, bestiet sûnt 2013 doe't it de lapen gearsmiet mei de EP de Boerskoalle yn Winaam. Van der Wal joech oan dy skoalle les sûnt 1977. Sûnt 1985 wie er dêr ek direkteur en dat stiet dan ek mei grutte letters op de doar fan syn kantoar:'dirkteur'.

Dat buordsje kin der freed wei, want Van der Wal nimt tongersdei ôfskie, mei fjirtich jier ûnderwiis. Oanlieding foar alle hûndert learlingen om feestlik by dit ôfskied stil te stean.

(advertinsje)
(advertinsje)