Fernijde dyk Ljouwert-Stiens no offisjeel iepene
De dyk tusken Ljouwert en Stiens kin wer in tal jierren foarút. Woansdeitemiddei waard it projekt ôfsluten mei de offisjele iepening fan de ovonde yn Stiens by de ôfslach nei Britsum. De dyk hat in nije laach asfalt krigen en der binne bettere oanslutingen mei de syddiken kommen. De ovonde is op it plak kommen fan de ôfslach mei ferkearsljochten.
Nei de fakânsje wurde tusken Stiens en Holwert de paralleldiken oanpak. Dat is it lêste ûnderdiel fan de grutte opknapbeurt fan de dyk tusken Ljouwert en Holwert.