PvdD en FNP wolle graven nije farwei Skilkampen noch keare

19 jul 2017 - 19:52
Hjir soe de trochstek by Skilkampen komme moatte - Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

De fraksjes fan de Partij voor de Dieren en de FNP yn yn Provinsjale Steaten wolle net dat takom wike begûn wurdt mei it graven foar in geul troch natuergebiet Skilkampen. Yn it gebiet briedt ûnder oare in grutte koloanje seefûgels en dat makket it unyk foar de stêd. Omwenners hawwe ek hieltyd protestearre tsjin de komst fan de nije farwei. De partijen hawwe deputearre Kramer no frege om it gebiet oan te wizen as in beskerme nêstplak en derop ta te sjen dat de gemeente fan de plannen ôfsjocht.

De graverij fan it ferbiningsstik tusken de wetters fan De Tynje en It Vliet soe takom wike begjinne, sa is it doel. De nije farwei soe der komme moatte om it boatsjeferkear en it toerisme mear romte te jaan. Boaten kinne dan makliker fan de stêd Ljouwert yn rekreaasjegebiet De Griene Stjer komme.

(advertinsje)
(advertinsje)