Santich wenten sloopt en 76 nijbouwenten yn Burgum

19 jul 2017 - 18:50
De Steenhuisenleane yn Burgum - Foto: Google Streetview

Burgum krijt der 76 nije huzen by. Dêrfoar wurde santich huzen oan de Boargemaster Steenhuisenleane, de Boargemaster Bothenius Lohmanleane en de Westersingel sloopt. De bewenners meie as se wolle weromkomme yn de nije huzen. Oars kinne se mei foarrang ferhúzje nei in oar hûs fan de wenningstichting.

De plannen binne mei de bewenners besprutsen. Trije fan de fjouwer hawwe keazen foar nijbou. WoonFriesland hopet dat de earste nije huzen yn de simmer fan 2019 klear wêze sille.

Trefwurden: 
nijbou Burgum
(advertinsje)
(advertinsje)