Frouljusfuotbal is hot, mar Hearrenfean-froulju ha jildpine

19 jul 2017 - 16:56

Op 22 july hâldt SC Hearrenfean iepen dei. En wylst it frouljusfuotbal op it stuit 'hot' is, sjogge we der sneon neat fan werom yn it Abe Lenstrastadion op de jierlikse iepen dei. De froulju fan SC Hearrenfean spylje dêr sneon gjin rol. Net in diske, neat. Der rinne hûnderten famkes om mei in shirt fan SC Hearrenfean. Mar op de foto mei jo favorite SC Hearrenfean-frou kinne jo wol ferjitte. Wêrom rommet Luuc Eisinga gjin romte yn foar de froulju? Eisenga: "It is sa't it is. It binne ferskillende entiteiten. It draait op de iepen dei om it earste."

SC Hearrenfean lit witte dat de froulju al wol romte oanbean is, mar dat se gjin tiid hiene fanwege de fakânsje. It bestjoer fan Stichting Vrouwenvoetbal Heerenveen seit neat te witten fan in oanbieding: "Der binne altyd wol minsken dy't dêr stean kinne foar ús", seit in wurdfierder fan it bestjoer.

Problemen

De Stichting Vrouwenvoetbal Heerenveen sit op 'e nij yn finansjeel swier waar. De begrutting is kwealik rûn te krijen. Der binne mear sponsors nedich. Der binne ek problemen mei trainer Jan Schulting. Hy krige begjin july dien. Schulting hat in kontrakt oant en mei 2018. Dat moat yn alle gefallen ôfkocht wurde. De ôfrin is net dúdlik, want Schulting leit him der net by del. De ôfhanneling fan de saak kriget hoe dan ek in finansjeel sturtsje. Reden foar bestjoersleden Wout de Jong en Dennis Klaster om op te stappen. Se fine dat se de finansjele ferantwurdlikens foar dit beslút net drage kinne. De oanslach op de begrutting is te grut, sa ferklearret De Jong syn beslút.

De froulju tsjin de manlju

De froulju en manlju fan SC Hearrenfean binne folslein faninoar skieden. Yn it ferline is keazen om de froulju ûnder te bringen yn in aparte stichting, mar wol ûnder de paraplu fan SC Hearrenfean. Dy stipet de stichting fan de froulju finansjeel. Eisenga: "It binne ferskillende entiteiten. Wy betelje de froulju in substansjeel bedrach op jierbasis. Dat dekt in grut part fan de begrutting fan de stichting." Eisenga fynt dat SC Hearrenfean genôch docht foar de froulju. "Se spylje yn it stadion en njonken de finansjele bydrage regelje wy ek klean en oar materiaal." De belangen wurde ek op in oare wize behertige: "As ik mei in sponsor oan tafel sit, dan doch ik ek oan cross-selling. Dus freegje ik ek oft se jild yn de froulju stekke wolle. Der binne guon dy't beide stypje."

Dochs klinke der fanút it bestjoer fan de froulju oare lûden. Ja, it kloppet dat se finansjele stipe krije en ek materiaal. Dêr binne se wiis mei. Mar dochs sizze guon boarnen, dy't anonym bliuwe wolle, dat it derop liket dat de froulju net folslein serieus naam wurde en der mar wat byhingje. En dêr stekt it by harren: op it momint dat it frouljusfuotbal sa yn de belangstelling stiet en hieltyd mear famkes foar fuotbal kieze, lit de manljusklup SC Hearrenfean it der wat by sitte.

Uthingboerd

It frouljusteam hat de potinsje folle mear it úthingboerd te wêzen fan de klup SC Hearrenfean, fynt âld-foarsitter Wim Anker. Hy hie twa jier lang de lieding oer it bestjoer fan de Feanfroulju. Klups lykas Ajax en FC Twente pronkje wol mei de froulju, seit in kenner dy't net mei namme neamd wurde wol. "Se hawwe in prominint plak op de webside. Mar op de side fan SC Hearrenfean moatte jo sykje om in link nei it frouljusfuotbal."

By Twente binne de froulju folslein yntergrearre binnen de klup. Barbera Pisano fan de FC Twente-froulju: "Vanaf het begin dat vrouwenvoetbal is verder gegaan in een zelfstandige stichting, hebben we net als daarvoor een eigen plaats in het stadion. Waar mogelijk werken we samen. Wij horen bij de club." Ek as der in fersyk binnenkomt om spilers yn te setten foar aktiviteiten foar goede doelen wurdt nei de froulju sjoen. "Alles gaat in goed overleg", seit Barbera Pisano.

By SC Hearrenfean is gjin wurkplak foar de froulju binnen it stadion. Dat wol neffens Eisenga net sizze dat der gjin oerlis is: "Dat is der wol. We komme inoar tsjin op it trainingskompleks fan VV Hearrenfean. Ek is der ûnderling goed kontakt mei de bestjoersleden."

Untwikkeling frouljusfuotbal

Fuotbalbûn KNVB set de kommende tiid bot yn op it frouljusfuotbal. Der wurdt yn de begrutting 2,5 miljoen euro stutsen yn de ûntwikkeling fan de breedtesport. It is in groeimerk en de famkes dy't spylje wolle, fertsjinje in goed plak, sa fynt it bûn. Op strjitte sjogge jo tsjintwurdich tusken alle jongens likefolle famkes meistriden om de bal. Eisenga fynt dat SC Hearrenfean in hiel soad docht, mar fynt wol dat it bestjoer fan de Feanfroulju dit momint pakke moat: "Krekt no moatte jo it izer smeie as it gleon is. No moatte jo inisjatyf nimme om sponsors binnen te heljen." It liket oft de skiednis him alle jierren werhellet, sa seit Wim Anker. "Júst no moat SC Hearrenfean it frouljusfuotbal omearmje. It hat de takomst. It is noch hieltyd de hurdst groeiende sport fan Nederlân en folslein akseptearre yn Nederlân. Dan moatte je trochpakke as klup."

It bestjoer fan Stichting Vrouwenvoetbal Heerenveen wol sels net ynhâldlik reagearje. Foarsitter Froukje Hofman seit dat se hurd oan it wurk is om de begrutting rûn te krijen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)