UPDATE: Utslaande brân yn pleats by De Jouwer ûnder kontrôle

19 jul 2017 - 16:35

Der is op dit stuit in grutte brân by in boerebedriuw oan de Vegelinswei op De Jouwer. It giet om it âlde part fan de pleats. De skuorre is al foar in grut diel útbrând. Der soe gjin sprake wêze fan slachtoffers.

Ferskate brânwachtauto's binne ynset om it fjoer te bestriden. It giet om de blusgroepen fan De Jouwer en fan Sint-Nyk. De brânwacht set no alles op alles om foar te kommen dat it fjoer him fierder ferspriedt.

UPDATE (17:05) : Achter yn de pleats is jongfee. Dêrfoar kaam de help te let. Dat meldt de brânwacht.

UPDATE (17:43): De pleats kin as ferlern beskôge wurde. Foar de melkstâl wurdt besocht de stroomfoarsjenning sa gau mooglik wer op gong te bringen,

UPDATE (18:34): De brân is ûnder kontrôle. De brânwacht is noch wol in pear oeren oan it neiblussen.

Trefwurden: 
De Jouwer brân
(Advertinsje)
(Advertinsje)