Wâldgieltsjes mei slykslide nei It Amelân

19 jul 2017 - 16:25

Tiemen Kuipers fan ierappelgruthannel Greydanus op It Hearrenfean reizge woansdei op bysûndere wize mei syn Wâldgieltsjes nei It Amelân. Kuipers brocht mei in rôze kroade en slykslide trije kistjes ierappels nei it eilân, al waadrinnend.

It giet om bysûndere ierappel, want it giet om de earste risping Wâldgieltsjes. De delikatesse-ierappels binne bestimd foar de âldste grienteboer op it Waadeilân, Klaas Jan Engels yn Hollum. De reis oer it Waad mei trije kistjes ierappels is in hiele ûndernimming.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)