Kâns op swiere buien mei wetteroerlêst

Waarman Pyt Paulusma warskôget foar kâns op rein en tongerbuien. De buien kinne woansdei spontaan ûntstean yn de rin fan de middei, jûn en nacht. Dat kinne swiere buien wêze mei in soad reinwetter yn in koart skoftsje tiid, mei hagel en swiere wynstjitten. It KNMI hat koade giel ôfkundige.
De temperatueren binne heech: 27 graden yn it Waadgebiet oant 29 oant 30 graden yn it easten en súdeasten fan de provinsje. Mei 18 oant 19 graden wurdt it in waarme nacht.
De buiekâns is der tongersdeitemoarn earst ek noch. Dan kin it mooglik ek tongerje. Fierders komt de sinne der geregeld by. Mei 23 oant 24 graden bliuwt it simmersk waarm. Tongersdeitemiddei krije wy drûch waar. Freed ek drûch waar mei sinneskyn en temperatueren om de 23 oant 24 graden hinne.
Sjoch foar it aktuele waar op ús waarpagina.